Erfgoed Fundaasje soarget derfoar dat jo argyfstikken feilichsteld wurde. Famylje- en bedriuwsdokuminten wurde opspoard, opslein, ynventariseard, rubriseard en tagonklik steld
AS IT OAN ERFGOED FUNDAASJE LEIT YN 2021 WER GEARWURKING MEI TRESOAR
De Stichting Erfgoed Fundaasje sil yn 2021 op ’e nij oparbeidzje mei Tresoar as it oan ’e Stichting leit. De beide ynstellings hienen sûnt 28 oktober 2016 in fruchtbere gearwurkingsoerienkomst, mar dy waard yn juny 2018 troch Tresoar ferbrutsen.
As fan ’t jier by Tresoar in nije direksje oantreedt, wol Erfgoed Fundaasje dy gearwurking wer fuortsette. Erfgoed Fundaasje hat in oerienkomst mei de Gemeente Waadhoeke oangeande it foar de takomst feilichstellen fan agraryske bedriuws- en famyljeargiven. Dy argiven binne iepensteld foar ûndersyk. Sjoch ek hjirûnder: Oer ús.
It leit foar de hân dat it mienskipsbesit dat bûten de grinzen fan Waadhoeke falt, ûnderbrocht wurdt by Tresoar, oerienkomstich har kearntaken.
IN GREEP ÚT ÚS KOLLEKSJE
Klik op de foto’s om mear te sjen (brûk de pylkjes)
Foto’s: Anne Rodrigues
1 een goed geweten is voor de ziel wat deez zondheid is voor het lichaam
Learboekje fan Gerben Reimers Brouwer (* Sjoelemastate ûnder Menaam 1829 † Bessebuorren 1914), de plaatsjes binne der by de drukker mei de hân ynkleure: full colour yn 1839.
Learboekje fan Jacob Klazes Gosliga (Bitgummole 1831-1906), út 1846, de wiisnoas is dan 15 jier.
Op it omkaft Jabik wiisgearige skriuwoefeningen: Wat Gij beloofd hebt moet Gij houden al leed Gij er ook schade bij Wilt Gij dit niet gaarne dan moet Gij niet beloven. Het gebeurt somtijds dat neiging en pligt tegen elkander inloopen; dan moet neiging altijd voor pligt wijken. Wees behoudzaam in het beloven, zorgvuldig in het nakomen Wanneer men anderen tot het verrigten van iets goeds behulpzaan kan zijn moet men zich niet onttrekken Hulp te verlenen waar men kan is altijd pligtmatig verdient lof en verwerft achting Dikwerf brengt dit te doen zelfs voordeel aan doch het is de les anderen in het verrigten van iets goeds hulp te bieden waar men kan een goed geweten is voor de ziel wat deez zondheid is voor het lichaam
2 Tsjerkebibeltsje
anneks psalmboek út 1883 fan Antje Fokkes van der Meer (* Menaam 1865 † Huzum 1926). Antsje, neamd Anne, wurdt hjir deftich as Anna skreaun.
3 Selsmakke gedicht
Poezyalbum út 1905 fan Magdalena Hettes Hettema (* Bitgum 1890 † Ljouwert 1977). Hjir in selsmakke Frysk fers fan Leen har omke Nammen Jeltes de Boer (* Boazum 1858 † Menaam 1912), ferwer te Menaam. Hy hat syn eigen stavering.
Oan Leen!
Wat sil ik dij doch schrouwe Mien allerbeste Nicht! Wol mij nou toch ris ljouwe Want ik hef gjin gedicht. ’k Hef alle winschen neitocht, Die’t ien dit boekje stean.
Maar t jouwt mij dan gjin ljocht En ’k tocht het sil net gaen Der het men heit en mem en minke Sa goed ken ’k net betinke En tsjisse en fokke der noch bij Ik riem net hael sa goed as sij ’k Soe sisse nim het best er uut Dat winskje ik dan ta besluut
Nammen de Boer
4 Deiboek
fan Magdalena Hettes Hettema. Leen skreaf tsientallen skriften fol.
5
Gerben Reimers Brouwer (Bitgum 1886-1961), redigearde histoarise optochten, hjir in drukte folchoarder. Grutte Pier wurdt in Van Heemstra neamd, doe wie blykber noch net bekend dat de man in Donia wie. Ek skreaf Gerben histoarise tonielstikken. Hjir in fragmint oer Wigle van Aytta.
6
Opskriuwboekje mei dêryn in taspraak fan Reimer Gerbens Brouwer (* Bessebuorren 1856 † Bitgummole 1929), hâlden yn 1920 doe’t er fjirtich jier troud wie mei Trijntje Jacobs Gosliga (Bitgummole 1856-1936). Yn eigen stavering: Ik tochte nies sa aan Vader Jakob die zeit doe hij wer om kaam van Padden Aram en doe hij zeeg al dat geene wat hij verkriege hie, mei myn stok bin ik oer deze rivier tein doe’t ik hinne gong en nou’t ik wer om kom ben ik tot twa Heiren. Ik bin voor 40 jier ek hinne tein en dat net za fier ou, tichte bij, hier bij de Borne. Mien reis wie doe om Nienke van Jakob en Durkje. Nou die waar doe oen mij oustien. Ik moast belove goed op har te passen. Ja dat hiene ze sels ek dien.
7
Notysjeboekje oer it gemaak.
Lesboekje fan Pieter Douwes van der Schaaf. ‘En die het houdt dat is een schellem. Is het zoo niet?’ skriuwt de bysfeint.
Lokwinskbrief út de famylje Hannema. De ôfstjoerder en ûntfanger binne net bekend, mar likegoed net ûnbemind. Nei har identiteit wurdt noch speurd.
3
Oranje-Nassau
Underskieding yn ’e oarder fan Oranje-Nassau fan Johannes Romkes Hannema (* Tsjom 1874 † Frjentsjer 1960), troud mei Maaike Jans Goslinga (* Wjelsryp 1875 † Frjentsjer 1953). De stikken 2 en 3 binne út it erfskip fan Cornelia Hannema te Frjentsjer
5 Skriuwstel
fan Antje Dirks van der Schaaf (* Bitgummole 1886 † Ljouwert 1957), troud mei Gerben Reimers Brouwer.
Achter dat skriuwstel foto's út in fotoalbum út de neilittenskip fan Antje Dirks van der Schaaf. Op ’e portretten (út it boek): Anne har âldere suster Sieuwke (* Bitgummole 1884 † Winsum 1962) en har man Sjoerd Yebs Reitsma (* Wommels 1882 † Winsum 1970), dy’t buorken op Uylenburg oan ’e Kouweweg ûnder St.-Jabik en op Wækens ûnder Winsum.
6 Hantekeningstimpel
fan Tjitze Hettes Hettema (* Bitgum 1889 † Ljouwert 1957). As Tsjisse op hannelsreis wie, koe syn broer Fokke of ien fan it personiel de brieven ûnderstimpelje.
7 Lakstimpel
fan Hette Tjitses Hettema (* Bitgum 1863 † Ljouwert 1947). Skonken oan Erfgoed Fundaasje troch de erven Maaike Veenstra-Miedema te Noarch.
10 Tabaksdoaze
fan Frans Rinses Haadsma (* Hemmemastate ûnder Menaam 1817 † Menaam ûnder Bitgum 1897), boer, troud mei Geertje Sybes Osinga (* Berltsum 1824 † Menaam ûnder Bitgum 1859). Oan ’e binnenkant fan it deksel de inisjalen F.R.H. en 1839.
Doe’t Frans ferstoar wienen syn frou en syn fiif bern him foargongen. (Rinse, 23 jier âld, Jetske, 22 jier, Bottje mar 2 jier, de twadde Bottje, 22 jier en Sybe, 25 jier âld)
Sybe (Bitgum 1854-1879), syn lêste soan, naam it beslút dat nei syn dea gjin uterlike tekens fan rou mear droegen wurde moasten, oars soe de famylje neffens de bewende fêststelde tradysje erflik swarte klean drage moatte.
Binnenkant deksel tabaksdoaze de inisjalen F.R.H. = Frans Rinses Haadsma, en it jiertal 1839. Sulvermerken: Binnenkant deksel yn hoeke: masterteken DK dêrûnder 2 Midden: kantoarteken = minervakop (skildknaap mei yn syn muts in letter) dy letter stiet foar it plak. De letter is hjir ûnlêsber, wierskynlik Ljouwert. Boaium binnenkant: jierletter E: = 1839 Midden: gehalteteken = rinnende liuw. Hjir 2de gehalte sulver, dat is 835 tûzenste dielen gram op in kilo; 165 tûzenste dielen gram is koper.
2 Fotoalbum
út de neilittenskip fan Geertruida Hermanus Offringa (* Mantgum 1891 † Ljouwert 1974 ). Om yn te sjen.
3 Ik wil voor U strijdvaardig staan En moest het zijn, voor U vergaan!
-en fan Renske har mem, Geartsje Harmens van der Ploeg (* Rie 1872 † Frjentsjer 1962). Hjir in selsmakke fers fan har earste man Reimer Rinses Brouwer (* Froubuorren 1867 † Muntsjesyl 1902). Hy wie ûnderwizer te Muntsjesyl.
Aan mij lieve Geertje.
Hoe zou ik U vergeten? Ik weet, wat Gij mij zijt; Als de aard het liefste en beste Vergete mettertijd, Ik zing het luid en en juich steeds weer: ‘‘Mijn Geertje lief! Ik min U teer!’’
Hoe zou ik U vergeten? Uw beeld leeft in mijn hart; Ik ben met U verbonden, Met U, in vreugd en smart. Ik wil voor U strijdvaardig staan En moest het zijn, voor U vergaan!
Hoe zou ik U vergeten In vreugd noch droefenis, Zoolang een spoor van liefde En leven in mij is? Nee, ’k zoek U steeds en U alleen, ’k Min U mijn Geertje en anders geen!
Munnikezijl R Brouwer 13 Mei 1898.
4 Fjochter yn Atjeh
Feike Rinses Brouwer (* Sjoelemastate ûnder Menaam † Assen, Militêr Hospitaal, dêr begroeven mei militêre eare) focht yn Atjeh,en krige dêrfoar militêre ûnderskiedings: Voor trouwe dienst - Atjeh 1875-1890 en Voor krijgsverrigtingen - Atjeh 1896-1900. Op ’e foto stiet Feike twadde fan links.
Feike woe nei Nederlân en syn froulju woenen dat opkeare. Doe’t dat net slagge, dienen se fynmeald hier yn syn iten en dêr is er yn Assen troch ferstopping yn ’e mage oan stoarn: de goena goena.
5 In greep út goud
-achter it gleske yn it spjeldsje sit in blommelânskipke makke fan hier fan Jouw Tjeerds Fokkema, boer te Menaam (Menaam 1796-1868), ferstoarn sûnder neiteam. Middenyn it skilderijk de inisjalen: J T F. -earmbân -gouden rinkje -floddermutsspjeld hearrend by it earizer fan Magdalena Harkes Tækema (Menaam 1833-1911).
6 Segelring
fan Gosse Hettema (* Ljouwert 1930 † Snits 1977).
7 Hazzesprong
fan Gerben Reimers Brouwer. In hazzesprong is in piipúthimmelder, dit bonkje yn ’e achterpoat fan ’e hazze is it sterkst en dat waard sadwaande brûkt foar it piipútheljen. Inisjalen yn it kopsulver: GRB.
fan Reimer Gerbens Brouwer (* Sate 3, Súdhoek ûnder St.-Anne † Sjoelemastate ûnder Menaam 1871), Gerben syn heit. Oan dizze hazzesprong komt gjin bonkje te pas: hy is kompleet fan sulver.
8 Geboarteleppel
fan Doekele Gerbens Brouwer (Bitgum 1917-1989), krigen fan syn omke Doekele Dirks van der Schaaf (* Bitgummole 1873 † Ljouwert 1956).
9 Teeleppeltsje
fan Dieuwke Klazes Nicolai (* De Him ûnder Wurdum 1792 † Barhûs ûnder Wurdum 1850), twadde frou fan Doeke Wygers Hellema (* Wânswert 1766 † Barhûs 1856). Under it stâltsje de inisjalen DKN.
11 Twa reaukes
Ut it erfskip fan Antje Tjeerds Fokkema (Menaam 1801-1851) hat Erfgoed Fundaasje in 6-delich stel reaukes yn bewarring nommen (de grutte) en ien lytsenien.
12 Tsjerkejildbeurske
fan Anne Hettema (* Bitgum 1919 † Ljouwert 2011), oer-oerbeppesizzer fan Anne Fokkema (hjirboppe). Inisjalen op it dekseltsje: A. H. Dat dit beurske gâns ferdrage moatten hat is dúdlik: de boaiem is der finaal út.
13 Horloazje
fan Jantje Jentjes Siderius (* Doanjum 1868 † Bitgum 1915).
14 Horloazje-opwiner
en -ketting fan Doekele Doekeles de Boer (Dyksterhuzen 1811-1889). Boer op Dyksterhuzen. De ôfbylding moat syn pleats foarstelle mei heaberch en op ’e oare kant de Bitgumer toer. It sulvermerk yn it ketting is net mear te lêzen, it merk yn ’e horloazjeopwiner is: PC 114. Erfgoed Fundaasje hat nei ûndersyk fêststelle kinnen dat it hjir giet om Paulus Riddersma Cabboes syn wurk (* Oldersum 1805 † Ljouwert 1859), hy levere ûnder dat merk fan 1836 oant syn dea. It geheel sit noch yn it orizjinele doaske.
NIJE OANWINST: KOLLEKSJE SINNEMA
Op 23 desimber 2020 hawwe Sake Meindersma en Geertje Meindersma-de Boer te Burdaard oan Erfgoed Fundaasje skonken har Kolleksje Sinnema, dy omfiemet foto’s, roubrieven en oare dokuminten út de neilittenskip fan Gryt Sinnema. Hjirneist Gryt Sinnema har muoike en har mem, Pyt en Gryt Boschma. Rjochts de roubrief fan har oer-oerpake Hendrik Louws Palsma. Weardefol dat ek sokke roubrieven bewarre binne, smyt se net fuort! Sjoch:Genealogy Sinnema.
ÛNTWERP TEGELTABLO TICHELAAR MAKKUM
Oan de Kolleksje Brouwer-Bitgum is tafoege in ûntwerp út 1953 (datum ferpakking: 7 july) foar in tegeltablo fan N.V. Tichelaars Kleiwarenfbriek te Makkum (Koninklijke Tichelaar, 1572) It tablo wie wierskynlik ornearre foar in nij hûs fan de ierdappelkweker Arjen Gerbens Brouwer en Yke de Jong, pioniers yn ’e Noard Oast Polder, mar it is noait útfierd. De tekening yn swart potlead is 39 sm breed en 65 sm heech. Sintraal stiet de libbensbeam, middenmank in doarpsgesicht mei tsjerke en kop-hals-romp pleats mei op ’e foargrûn in ploegjende boer achter in ienskaarploege lutsen troch in twaspan. Dêrneist in silende aak of snikke. Underoan de beammestam stiet yn Jugendstylletters beskreaun: Psalm 24:2; en yn ’e woartels linksom: De Heare sines is de ierde, en rjochtsom: Hy hat se groune op’e séën. Op ’e ûndergrûn in iepen boek – de Bibel tink – mei de tekst: Dy’t oer-wint, ik/scil him/to iten/jaen van de/libbens-beam]Iep.[enbieringen] 2:7. As dit tablo útfierd wie, soe it fyftjin tegels fan 13 x 13 sm. befette hawwe; trije yn ’e breedte en fiif yn ’e hichte, de rânê dêrby ynbegrepen. De tekening is net sinjeard. Mooglik is de makker Jan Romkes Steensma (Purmerend 1887-Snits 1967; x 1918 Tjitske Steringa), dy’t sûnt 1907 as plateelskilder wurket by Tichelaar te Makkum. Sjoch: P.J. Tichelaar, Fries aardewerk – Tichelaar Makkum 1868-1963, Primavera Pers, 2004, ISBN 9789074310901, side 213). Mei tank oan Pieter Frietema fan Keninklike Tichelaar.
ANTIKE BEHANGÛNTWERPEN
Oan de Kolleksje Hellema is tafoege in samling ûntwerpen yn swart potlead en plakkaatferve foar plafond- en behangdekoraasje. Te sjen binne patroanen yn Jugenstyl mei blommefigueren en fûgeltsjes. Op ien is de Grutte of Sint Martenstsjerke fan Hallum útbylde. De potleadtekeningen binne makke yn 1913 troch M.J. Steenstra. Wa wit wa’t dizze ûntwerper is?
HZPC hat hast de 125 jier helle
Hannelshûs Hettema is yn 1898 oprjochte. Neffens oerlevering yn ’e famylje is dizze ûndernimming oprjochte mei de namme Handelshuis Hettema of HettemaAardappelhandel en is de oprjochtingsdatum: 27-2-1898, dat is de jierdei fan Hette Hettema, hy wurdt dan 35 jier (* Bitgum 27-2-1863). Mar Hette Hettema hannele al earder yn benammen setierdierappels – ek op Dútslân.
As de soannen Tjitze en Fokke yn ’e saak komme wurdt de namme: Firma Hettema Zonen. Yn 1999 is Hettema Zonen fuseard mei de ZPC ûnder de namme HZPC. HZPC, de famylje Hettema en Erfgoed Fundaasje wolle der graach achter komme oft der noch bewiistikken binne oer de oprjochting yn 1898, want dy binne oan no ta net foar hannen. Wa hat noch sokke dokuminten? It giet dan om keapakten, foto’s mei data en âlde rekkens.
UTSTALLING ALD STEDHÛS FRJENTSJER
test caption nieuwe regel
Yn it âlde Stedhûs te Frjentsjer (Riedhúsplein 1) is in permaninte útstalling ynrjochte fan it wurk fan Erfgoed Fundaasje, yn ’e mande mei Historisch Centrum Franeker en ’t Bildts Aigene. Hjirûnder in oersicht mei tekst en foto’s.
Besichtiging op ôfspraak: 058-212 00 35.
Klik hjirfoar de foto’s. Klik hjirfoar Frysk. Klik hjir foar Ingels. Klik hjirfoar Nederlâns.
Op 1 augustus 2020 is troch Theodora Jelles Zijlstra en har man Tæke Meintes Brandsma te St.-Anne in Zijlstra-argyf oan Erfgoed Fundaasje skonken. Dat bedriuws- en famyljeargyf waard lang bewarre op ’e Sylstra-pleats op Kleaster-Lidlum ûnder Easterbierrum en kaam by Thea Brandsma-Zijlstra telâne omdat har staach as lêste op dy âlderlike pleats buorke. Dit argyf is fan grutte wearde, want de famylje hat de bedriuwsboekhâlding sawat sûnder hiaten behâlden fan ein 19e iu oant de njoggentiger jierren fan ’e 20e iu. Oan ’e ynvintarisaasje wurdt fierder wurke en dy wurdt op dit plak op termyn oanfuld.
‘STELLE’ OM ITEN
Wa giet as arbeidster fan 62 út te stellen? Maaike Alles Sybrandi (1815-1903), in oerbeppe fan ’e presidint fan ’e Nederlandsche Bank. Dêr binne net sa’n bytsje lju ûnder it arbeidzjend folk dy’t alle dagen fan moarns fjouwer oant jûns seizen bodzje foar in goarrich lean. Dy geane mei de honger yn ’e hals om iten út. Maaike is arbeidster, har man arbeider, beide wurde se feroardiele omdat se stellen hawwe. Dat is noch mar even lyn, in mannich generaasjes.
Wat moat Karel de Grutte hjir? Sawat iderien yn it nachtlân (Abendland) hat bloed yn ’e ieren fan dizze fjoerfrettende twinger en tagelyk Heit fan Europa. Sadwaande hat er ek in plak yn de Kertiersteat fan Goasse Goasses Offringa, ûnder oaren it safolleste, te witten nûmer 570.270.302.208. Wat seit dat ‘heech’ komôf? As je rekkenje dat it oantal foarâlden per generaasje ferdûbelet, dan ha je yn ’e tiid fan oerpake Karel teoretys 570 miljard foarâlden. En om 800 hinne wurdt Europa befolke troch mar sa’n 35 miljoen.
Foardat se trouwe hawwe Baukje Jans Jousma en Rinze Lucas Nauta te Bitgum trije bern. Ongetroud gearwenje is yn ’e Klaaiboustreek begjin 19de iu bûtenwenstich, mar is dat yn dy tiid dan ek not-done? It tsjut der net op dat Bauky en Lucas der mar op los bilje of libje: Lucas wol wol witte dat er de heit is, /…/ Sosjaal-histoarysk ûndersyk nei dit apart ferskynsel kin sicht jaan op foarûndersteld taboe fan doe.
Job Sytses Sytsma, arbeider te Bitgum, tekenet syn foarnamme en patronym ûnder in akte yn 1823 folút: Job Sytses – gewoan patroan is yn syn tiid it brûken fan inkeld en allinne inisjalen. Dêrfoaroer folstiet Job by it skriuwen fan syn achternamme hjir mei de lêste komponint, it bliuwt by Job by: sma. Wol Job Sytses sjen litte dat it wol ta kin mei eigenammen? Frij fan dy fannen, nije moade, moares?
Hawwe jimme wolris west yn it tsjerkje fan Nijhuzum? Ik ha ek wol myn besinnen yn dat doarpke hân, wie it net yn ’e tsjerke dan wol foar de pleatsen oer, dy stjelp fan generaasjes Galema’s, /…/ Mar no wolle frjemde opstigings – sa’t skynt gjin weet fan sielelibben – te Blessum de hegere kultuer frij baan jaan: Lês fierder
TER GEDACHTENIS / AAN ONZEN GELIEFDEN / MOEDER EN GROOTMOEDER / DIEUWKE ALTHUISIUS / GEBOREN 12 AUG. 1855 / TE WOUDSEND / OVERL. 6 NOV. 1935 / TE BUITENPOST / WEDUWE VAN P.S. BAKKER. / WIE OP DEN HEERE VERTROUWEN, / ZIJN ALS DE BERG SION, DIE NIET / WANKELT. / Ps 125 : 1.
TER GEDACHTENIS AAN / AAN ONZEN / GELIEFDEN MAN EN VADER / P.S. BAKKER / GEBOREN 5 JULI 1853 / TE LANGWEER / OVERL. 25 NOV. 1918 / TE BUITENPOST. / ECHTGENOOT VAN / D. ALTHUISIUS / DANKENDE DEN VADER / DIE ONS BEKWAAM GEMAAKT HEEFT, / OM DEEL TE HEBBEN IN DE ERVE DER / HEILIGEN IN HET LICHT. / DIE ONS GETROKKEN HEEFT UIT DE / MACHT DER DUISTERNIS; / EN OVERGEZET HEEFT IN HET / KONINKRIJK VAN DEN ZOON ZIJNER / LIEFDE. / COLL. 1 : 12 EN 13.
Our Spring Sale Has Started
You can see how this popup was set up in our step-by-step guide: https://wppopupmaker.com/guides/auto-opening-announcement-popups/