Doel

In soad kostber argyfmateriaal wurdt wei troch achteleas fuortsmiten, faak út ûnkunde. Om dêr wat oan te dwaan is op 18 febrewaris 2009 de Stichting Erfgoed Fundaasje oprjochte.
Erfgoed Fundaasje spoart soks op. Dat kin gean om in inkelde brief, in fotoalbum, unyk genealogys materiaal (lykas kertiersteaten en stambeammen), mar ek om in geboarteleppel, in tabaksdoaze mei ynskripsje, in letterlape, in psalmboek mei persoanlike gegevens. En dêrneist om komplete famylje- of bedriuwsargiven.
Dat guod hoecht net altyd ‘âld’ te wêzen, want wat Anno No as fan gjin belang beskôge wurdt, kin oer in pear desennia wol in behoarlike histoarise wearde hawwe.

Wurkwize
De wurkwize omfiemet de folgjende aspekten:
1 it opspoaren
2 it opslaan (klimaat kontroleard yn soerfrije argyfdoazen )
3 de ynventarisaasje (giet it bygelyks om in persoan, in famylje, in bedriuw, in feriening)
4 it rubrisearen (yn bygelyks brieven, keapakten, lânkaarten, poëzyalbums)
5 it foar in part digitalisearen
6 it behear
7 it tagonklik stellen foar belangstellenden.

Terrein
It geografise útgongspunt fan Erfgoed Fundaasje is de saneamde Klaaiboustreek fan Fryslân.
Mar it sammeljen wurdt net beheind ta dat gebiet as de famylje of it bedriuw de wjukken útslein ha. Mei oare wurden: as in oanbelangjende famylje yn Emmeloard bedarre is of in bedriuw op ’e Jouwer, falle dy allyksa ûnder it ‘wurkgebiet’.

Oanmelding
Elkenien dy’t wat hat dat yn jins eagen fan belang is, kin jin oanmelde. It kin dus gean om ien inkelde brief oant in grut bedriuwsargyf.

Skinking of brûklien
It materiaal kin skonken of yn brûklien jûn wurde. Yn it earste gefal wurdt it eigendom fan Erfgoed Fundaasje, yn it twadde gefal bliuwt it yn besit fan ’e oanbelangjende rjochtspersoan, famylje of bedriuw.
Erfgoed Fundaasje hat al gâns materiaal yn behear. Foar guon lju docht bliken dat it in opluchting is dat se it oerdien hawwe: it is ‘foar altyd’ goed te plak en tenei tagonklik. In pak fan ’t hert.
Erfgoed Fundaasje bepaalt oft materiaal wol of net opnommen wurde kin. By opnimmen kin in fergoeding frege wurde.

Iepenbierens
It materiaal is iepenbier, d.w.s. algemien tagonklik, of  it mocht wêze dat der in betingst by is fan in ynsage op termyn, of in spesjale tastimming fan ’e skinker of brûkliender oangeande ynsjen.

Webside
Op de webside www.erfgoed-fundaasje.nl wurdt oer it argyfmateriaal yn rubriken publiseard: kertiersteaten, famyljekroniken, bedriuwsskiednissen, fotoreportaazjes, ôfbyldingen fan bysûndere stikken ensfh.
In foardiel fan dy oanpak is dat hyltyd wer oanfuld en ferbettere wurde kin. In foarbyld dêrfan is foarearst: Hettema – Hannel en Wannel, Haadsma-Genealogy en Koopal/Koopmans-Genealogy.
It materiaal mei frij publiseard en oars brûkt wurde, op betingst dat as boarne fermeld wurdt: Erfgoed Fundaasje + de titel fan ’e oanbelangjende genealogy, kertiersteat of oarsoartich bestân.
As Erfgoed Fundaasje gebrûk makke hat fan publikaasjes fan tredden is dat dêrby spesifyk beneamd.

Taal
It taalbelied fan Erfgoed Fundaasje hâldt yn dat taal en tongslach fierhinne brûkt wurdt fan it gebiet dêr’t de histoary spilet: ’t Bildts op ’t Bildt, Harlingers in Harlingen, Liwarders in Liwarden en Frysk dêr’t dat relevant is.
Erfgoed Fundaasje steIt it op priis dat oanfullingen en ferbetteringen opstjoerd wurde yn ’e eigen taal.
Op ’en doer ferskine de siden yn Ingelse oersetting.

Fergoedingen/kosten
Net djoer, wol goed. It ûndersyk nei de wearde fan erfgoed wurdt troch Erfgoed Fundaasje al foar gâns famyljes en bedriuwen behertige. Foar it ynventarisearen, dokumintearen, digitalisearen, it beskriuwen fan in famylje- of bedriuwsskiednis ensfh. wurdt yn oerlis in onkostefergoeding yn rekken brocht. Dy hinget ôf fan ’e omfang fan it oanbelangjende projekt.

De famylje- en bedriuwsargiven kinne dêr foar ûndersyk rieplachte wurde – op ôfspraak mei Erfgoed Fundaasje: 058-212 00 35 of info@erfgoed-fundaasje.nl

Erfgoed Fundaasje
Vredeman de Vriesstrjitte 59
8921 BS  Ljouwert
058-212 00 35
info@erfgoed-fundaasje.nl
Keamer fan Keaphannel: 1104 57 16

Direksje
Drs. Goasse Brouwer

Bestjoer
Tsjikke Andringa
Goasse Brouwer
Tsjisse Hettema

Meiwurkers
Drs. Gieneke Arnolli, tekstyl
Drs. Ype Brouwers, genealogy
Luuk Swart, bibleteek
Peter Venema, assistint

Rie fan advys
Mr. Nelly Brouwer, mr. Ernest M.W. de Lange, drs. Huub Mous, mr. Douwe P. de Vries