GENEALOGY
RIENKS

STAMRIGE EN FRAGMINTEN GENEALOGY

 

Dit wapen is in foarriedich ûntwerp fan Erfgoed Fundaasje, yn opdracht fan Minne Ruurds Braaksma (* Berltsum 1930) x Trijntje Jans Rienks (* St.-Jabik 1928 † Ljouwert 2010).
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat fan Ruurd, Jan en Gerland Braaksma.
De kleuren blau en grien yn it helmkleed stuolje op ’e haadkleuren yn ’e flagge fan ’e eardere gemeente It Bilt, de kontrei dêr’t mannich Rienks bouboer wie en is. It goud yn ’e – heraldysk – rjochter helte kin stean foar it bouwen fan nôt.
It helmteken – de bloeiende ierdappelplant – tsjut op ’e ierdappelbou, de trije klavers symboliseare de eigenerfde.
Omskriuwing:
Dield: I. de Fryske earn yn goud; II. yn blau trije griene klavers.
Helmteken: in bloeiende ierdappelplant. Helmkleed: blau, fuorre mei grien.
Utfiering ûntwerp: Welmoed Sinnema.

Dizze genealogy is in opset ta ien yn ’e folle breedte, dat wol sizze dat alle lagen Rienks ûnder de neiteam fan Rienk Johannes en Claaske Claasen (V) ferarbeide wurde sille.
De útwurking is begongen mei de stagen fan
Albert Rienks Rienks (X.4) troud mei Eelkje Botma, bouboeren en hynstefokkers op ’e Pôlepleats te Furdgum; dit yn opdracht fan ’e bernsbern Emile, Elly en Tineke Vogels; sjoch Kertiersteat Vogels;
en Albert syn achter-achternicht, beide ôfstammelingen fan Johannes (VI.1) en Thys Rienks Rienks (VI.2):
Sytske Melia Rienks (X.2.2) troud mei Gerard Kingma, greidboeren en allyksa hynstefokkers op Molla te Ægmaryp; soks neffens de winsk en yn opdracht fan Sytske Rienks, dy’t op 2 juny 2019 hommels ferstoar, mar de útwurking fan har kertiersteat gelukkich noch al meimakke hat; sjoch: Kertiersteat Sytske Melia Rienks.
-Sikke Johannes Rienks (XI.8) troud mei Janke Hofstra (dit laach is noch net yn it Koart oersjoch hjirûnder ynfoege).
Sjoch  foar Albert Rienks, Sytske Melia Rienks en Sikke Johannes Rienks: Genealogy Rienk Thysses Rienks – syn op namme mei de sykfunksje.

Foar de hâldfêsten yn ’e stamrige is tankber gebrûk makke fan it yngeand ûndersyk fan Jan T. Anema, Pieter Nieuwland en Simon Wierstra, beskreaun yn har Rienks, Sipma, Blijstra en Koopmans, fjouwer stagen út itselde laach yn it Genealogysk Jierboek 2012.  It wurk fan G. Terpstra – Famyljeboek fan de Rienksen, ferskynd yn 1955 – is brûkt as rjochtline en as boarne fan gâns krantestikken.
Fierders binne de gegevens risping fan eigen ûndersyk.

Dit is wurk yn útfiering, dat betsjut dat aloan ferbettere, bysteld en oanfuld wurdt. Net allinne oangeande data, mar ek wat famyljeferhalen en dokuminten oanbelanget. Meiwurking dêrta stelt Erfgoed Fundaasje tige op priis. Sjoch: formulier.

Skinkingen oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Rienks binne dien troch:
-Sytske Melia Hedzers Rienks te Ægmaryp, oangeande foarâlden fan Hedzer Harmens Rienks (X.2); skinking: 30-10-2017.
By Epke Zonderland te Ægmaryp berêste noch parten fan dat argyf dat noch oerdroegen wurde sil.
-Minne Ruurds Braaksma te Ljouwert, oangeande stagen Jan Klazes Rienks en Jan Symens Rienks; skinking: 7-9-2019.
Yn besit fan Symen Jans Rienks te St.-Anne binne allyksa argyfstikken út dit laach.
-Philippus Hillebrands Breuker te Boazum, oangeande it laach fan Sikke Johannes Rienks (XI.8); skinking: 4-6-2021.
In wiidweidich argyf Rienks oangeande de sibben fan Thijs Piers Rienks (XI.3) is yn besit fan Yvonne Rienks (XI.3.1) te Amsterdam.

This genealogy is still in progress and will have all descendants of Rienk Johannes en Claaske Claasen (V)
This is the branch of:
-Albert Rienks Rienks
married Eelkje Botma (X.4), agrarians and horse breeders at the Pôlepleats at Furdgum. The making of their family tree is commissioned by their grandchildren Emile, Elly and Tineke Vogels; see Kertiersteat Vogels, and Albert, his third cousin, both descendants of Johannes (VI.1) and Thys Rienks Rienks (VI.2)
-Sytske Melia Rienks (X.2.2) marries Gerard Kingma, stock farmers and also horsebreeders at Molla at Ægmaryp (Akmarijp); commissioned by Sytske Rienks, who died suddenly on June 2 2019, but fortunately still experienced the making of her ancestors diagram. See Kertiersteat Sytske Melia Rienks.
For the data in the family tree we used the ongoing research of Jan T. Anema, Pieter Nieuwland and Simon Wierstra as described in their genealogy Rienks, Sipma, Blijstra en Koopmans, fjouwer stagen út itselde laach in the Genealogy Yearbook 2012. The work of G. Terpstra, Famyljeboek fan de Rienksen from 1955, is used as a guideline and a source of old newspapers.
This is a work in process that will be improved, supplemented or amended. Not just the data but stories and documents as well. Heritage Foundation appreciates your cooperation. See: formulier. This genealogy will eventually be translated to English.

Hjirûnder in koart oersjoch, baseard op de famyljeferbannen fan ûnderskate skinkers.

 

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x  = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried

Sjoch:
Jan T. Anema, Pieter Nieuwland en Simon Wierstra – Rienks, Sipma, Blijstra en Koopmans, fjouwer stagen út itselde laach – Genealogysk Jierboek 2012, Fryske Akademy – Afûk, Ljouwert, 2012, ISBN 978-90-6273-931-8 – side 158
G. Terpstra – Famyljeboek fan de Rienksen – De Terp, Ljouwert, 1955. Yn dizze genealogy wurdt dêrnei ferwiisd ûnder Rienks, mei it oanbelangjende sidenûmer derachter.
Ad Rienks, Stamboom Rienks
Greet Hermse, Gezinskaarten Rienks
Erfgoed Fundaasje Kertiersteat Anneke Bouma, fan nûmer 7168 ôf
Erfgoed Fundaasje Kertiersteat Sytske Melia Rienks, nûmers 32 en 34
André M.C.M. Vogels – Het aloude geslacht Vogels – N.V. De Nieuwe Tijd, Amsterdam, 1917
J.IJ. Feenstra – Het geslacht Bierma – Genealogysk jierboekje 1957, Fryske Akademy, Ljouwert, 1957; side 54
Stichting De Jelsumer Hoekstra’s – De Jelsumer Hoekstra’s – Jelsum 1990 ISBN 90 800461 0 8

 

STAMRIGE
Wat is in stamrige?

I
Johannes Fopckes † foar 1625, 1612-1614 neamd te Lytse Leard
Sjoch: Rienks, Sipma, Blijstra en Koopmans – Ia, side 123
x Foeck Jacobs * omstrings 1570 † [Dokkum] 1648, wennet yn 1625 as widdo te Dokkum

II
Jacob Johannes † wierskynlik nei 1688, yn 1640 boer op Holewey te Ternaard (stim 8), ferfart yn 1641 en wennet yn 1643 te Blije, yn 1681 betsjinner en yn 1688 foarstander fan ’e minnistegemeente te Blije
x 1 foar of yn 1632 Antie Bockes * omstrings 1614 † foar 23-4-1641, dr f. Bocke Gossesz en Bauck Sytses;
x 2 foar 23-4-1641 Siouck Sioerdts * omstrings 1600/1603, yn 1640 boerinne te Blije (stim 7), widdo fan Rienck Jackles
Sjoch: Rienks, Sipma, Blijstra en Koopmans – IIa, side 132

III
Rienck Jacobs
 * omstrings 1642 † 1701/1708, yn 1667 boer op Cleffens ûnder Raard, 1674 op Medwert ûnder Holwert, 1698/1700 op Mockema state yn De Ryp ûnder Ferwert (stim 33), keapet lân yn 1701;
x 1 [1667] Frouck Jacobs † [Holwert] 1673, fan Ternaard , dr f. Jacob Ates, widdo fan Tiepcke Tiepckes;
x 2 [1674] Ytie Bienses * [Eastrum] 1644/45, yn 1667 neamd as widdo te Ternaard, yn 1708/1718 as widdo boerinne op Mockema state
Sjoch: Rienks, Sipma, Blijstra en Koopmans – IIIa, side 138

IV
Johannes Riencks * omstrings 1680 † [Ferwert]1751/52, 1708/1718 boer op It Heech te Ferwert (stim 52), 1728/1728 op Jansma state dêr (stim 53), yn 1749 ‘redelijk welgesteld boer’ dêr (kapitaal plm. f 4000),
x [maityd 1707] Sytske Symens * omstrings 1689 † mooglik foar 1768, 1758 as widdo boerinne op Jansma state
Sjoch: Rienks, Sipma, Blijstra en Koopmans – IVa, side 141


GENERAASJE V
Rienk Johannes
* [Ferwert omstrings 1708] † [Westernijtsjerk] omstrings 1774, 1735-1742 boer op Tsigera sate (ek: Tjaarda sate te Holwert), 1742-1752 op Grut Kahoal te Ferwert, ferfart tusken 1752 en 1757 nei Westernijtsjerk;
x 1 nei alle gedachten omstrings 1734/35 N.N.,
x 2 mooglik maityd 1737 (foar 14 juny) Claaske Claasen * Hallum omstrings 1712 ~ minnistegemeente Hijum inkelde jierren foar 1740 † [dêr] 1779; yn 1775 boerinne te Westernijtsjerk; dr f. Claes Jouckes, boer te Hallum, en Baukjen Sapes
Sjoch: Rienks, Sipma, Blijstra en Koopmans – Va, side 145
Bern út it earste houlik:
1 Sytske Rienks * omstrings 1735 † foar 1764 (mooglik om 1761 hinne)
x Westernijtsjerk 15-4-1759 Jacob Jacobs Twijnstra * Froubuorren omstrings 1724 † Ferwert 15-1-1778; minnist; boer te Stiens, Westernijtsjerk en Hallum, sûnt 1772 te Ferwert; sn f. Jacob Sybrens Twijnstra,  boer te Froubuorren, Stiens en Hallum (yn 1749 ‘seer welgestelde’ boer dêr), foargonger fan ’e minnisten te Hallum, en Antje Jacobs Brolsma
Bern út it twadde houlik:
2 Claes Rienks
[postúm Blijstra] * Holwert omstrings 1738 † 1782/’83; minnist; yn 1778 boer op it Kleaster Foswert ûnder Ferwert (stim 39)
x Marrum 28-10-1764 Grietje Reinders Dijkstra * Blije omstrings 1740 † Grou 26-4-1824; yn 1788 as widdo eigenerfd boerinne te Blije, wennet dêr yn 1805 noch, yn 1817 te Huzum, letter sûnder berop te Grou; dr f. Reinder Jans en Gertje Gelts 
3 Johannes Rienks Rienks, folget
VI.1
4 Baukje Rienks † Holwert 5-6-1797
x Holwert 18-10-1772 Cornelis Lieuwes * [Holwert omstrings 1731] † Holwert 11-3-1797; yn 1783 boer te Holwert, yn ’t lêstoan dêr keapman; sn f. Lieuwe Cornelis, boer te Holwert, en Claaske Lieuwes 
5 Foekje Rienks
† Holwert 23-5-1783, net troud
6 Thys Rienks Rienks, folget VI.2

7 Symon Rienks Rienks VI.3 * Ferwert 8-11-1753 ~ op belidenis 1-6-1788 † Pitersbierrum 22-1-1827; 1782/’92 boer te Westernijtsjerk, 1796-1818 op Rienks Aldershûs te Aldeleie ûnder Hallum, 1818-1824 eigenerfd boer op Nijenhûs te Feinsum, 1824-1827 boer te Pitersbierrum; yn 1812 ien fan ’e seishûndert heechst oansleinen yn Fryslân
x 1 Westernijtsjerk 14-4-1787 Aaltje Hessels, fan Holwert † Aldeleie ûnder Hallum 8-3-1796; dr f. Hessel Idses, eigenerfd boer op Dykstra state te Holwert, en Ytje Jans
x 2 [1797] Jeltje Hanzes Leistra * Aldeleie ûnder Hallum 25-4-1766 ~ Hijum 18-5-1766 † Tsjummearum 14-2-1839; dr f. Hans Clases, boer te Aldeleie, en Heiltje Jeltes
Sjoch: Rienks, Sipma, Blijstra en Koopmans -VId, side 157
Bern:
folgje letter VII


GENERAASJE VI
VI.1 Johannes Rienks Rienks * [Holwert] 3-2-1740 ~ op belidenis 6-11-1774 † Hallum 25-5-1821; soan fan V Rienk Johannes; 1778/’88/’98 boer oan ’e Hearewei ûnder Marrum, 1818 op Banga state op Jousumbuorren ûnder Hallum; lâneigner Te Westernijtsjerk en Hallum;t1790/’91 diaken; gemeenteriedslid en assessor (=wethâlder) fan Ferwerteradiel; 1811 ien fan ’e ‘notabelste ingezetenen welke zich door kunde, braafheid en vermogen het meest onderscheiden’ fan Ferwerteradiel; yn 1812 ien fan ’e seishûndert heechst oansleinen fan Fryslân; syn neilittenskip beslachttwa pleastsen, beslach, los lân en huzen
x Westernijtsjerk 21-8-1768 Aukje Sydses Boersma ( ek: De Boer; suster fan Saapke, VI.2)  * Westernijtsjerk -2-1749 ~ dêr 17-8-1749 † Hallum 25-6-1826; giet mei har man oer nei de minnistegemeente en wurdt op ’e nij doopt; as widdo boerinne te Hallum; dr f. Syds Pieters en Antje Dirks
Yn 1774 wurde Jehannes en Aukje op belidenis ~ te Holwert en lid fan ’e minniste gemeente Blije-Holwert
Jehannes nimt yn 1812 de namme Rijnks oan. Jehannes skriuwt fersen yn it Frysk.
Sjoch: Rienks, Sipma, Blijstra en Koopmans -VIb, side 153
Ut dit houlik fjirtjin bern dêr’t fjouwer fan jong ferstoarn binne, de oaren:
1 Sieds Johannes Rienks, folget VII.1 – sjoch: Genealogy Sieds Johannes Rienks
2 Jan Johannes Rienks, folget VII.2 – sjoch: Genealogy Jan Johannes Rienks
3 Biense Johannes
* Hallum 17-12-1778 † Amsterdam 1798; teologysk studint oan it minnisteseminary te Amsterdam
4 Klaaske Johannes Rienks * Marrum 23-3-1781 † dêr 18-4-1843, 62 jier
x Hallum 27-5-1804 Lourens Alefs Olivier * Marrum 23-4-1779 ~ dêr 9-5-1779 † dêr 28-4-1864; eigenerfd boer te Ferwert, letter te Marrum; gemeenteriedslid fan Ferwerteradiel; dykgraaf; sn f. Alef Lourens Olivier, boer te Marrum, en Geertje Sybrens Twijnstra
5 Antje Johannes Rienks
* Marrum 3-10- 1783 † Hallum 19-11-1847, 64 jier; wennet yn 1824 te Hallum
x Huizinge 2-10-1810 Hendrik Meints Keizer (ek: Meentes Kaijzer) ~ Delfsyl 19-11-1786 † Uithuizermeeden 20-10-1823; doarwarder; wenje yn 1812 te Delfsyl; sn f. Meento Pieters Kaijzer, touslachter te Delfsyl, en Frouwke Hindriks ter Borg
6 Rienk Johannes Rienks, sjoch: Genealogy Rienk Johannes Rienks 

7 Klaas Johannes Rienks, sjoch: Genealogy Klaas Johannes Rienks

8 Kornelis Johannes Rienks, sjoch: Genealogy Kornelis Johannes Rienks

9 Sipke Johannes Rienks
, sjoch: Genealogy Sipke Johannes Rienks
10 Sytske Johannes Rienks
x Rienk Thysses Rienks, VII.7 


VI.2 Thys Rienks Rienks * Ferwert omstrings 1751 [10-9?] † Aldebiltsyl ûnder Froubuorren 10-9-1829, 78 jier; soan fan V Rienk Johannes; boer ûnder Marrum, 1788/’98 op Feitsma state ûnder Hallum, eigenerfd boer op Zeldenrust te Aldebiltsyl ûnder Froubuorren; 1813 folmacht fan de Biltpollen
x 1 Westernijtsjerk 29-9-1776 Saapke Siedses Boersma (suster fan Auky, VI.1) ~ Westernijtsjerk 7-4-1754 † Marrum 1781; dr f. Syds PIeters, boer te Ferwert, sûnt 1744 op Reinalda state te Westernijtsjerk en Antje Dirks
x 2 Hallum 20-5-1787 Trijntje Klazes van Egten ~ Ferwert 3-6-1759 † Hallum 1800, dr f. Claas Jilderts van Egten en Gerlske Thyssenen van Egten, boer op ‘It Aldershûs’ op Alde Leie,
x 3 Froubuorren 15-3-1801, minnistegemeente, Ytje Bienses Hoogland (de skaainamme wurdt allinne neamd yn har stjerakte) * Ferwert begjin [11-3?] 1758 ~ dêr 14-10-1759 † Aldebiltsyl ûnder Froubuorren 10-8-1829; 1797-1801 boerinne op Elsma state te Ferwert; dr f. Biense Johannes en Sytske Sytses
Ytsje x 1 Pieter Watzes Hoogland ~ Ferwert 31-1-1755 † dêr 29-10-1797; boer op Heringa state, alias Elsma state te Ferwert; sn f. Watse Piers, boer te Ferwert, en Saapke Pieters
-13-3-1798: Thys Rienks en Trijntje Klazes keapje hûs en hôf, beammen en plantaazje, neamd It Swellenêst, oan ’e Hearewei ûnder Hallum
-20-8-1798: deselden keapje in heale pleat, de Roodschuur, oan ’e Hearewei ûnder Hallum (86 pûnsmiet)
-15-1-1810: Thys keapet in hûs mei tún yn ’e Hallumerhoek
-Thys keapet geregeldwei greid- en boulân; opjefte dêrfan, ek fan syn ynboel by ferstjerren Famyljeboek fan de Rienksen
(Rienks 15)
Bern út it earste houlik:
1 Rienk Thysses Rienks, sjoch: Genealogy Rienk Thysses Rienks – RTR VII.1
2 Saapke Thysses Rienks (ek: Rynks) * Marrum omstrings 1781 † Froubuorren 6-11-1859
x Hallum 4-8-1799 Former Pieters Molenaar * Bitgum [of Froubuorren?] 4-9-1774 ~ Bitgum 2-10-1774 † Froubuorren 18-12-1836, 62 jier; boer te Froubuorren (earste pleats, eastlik fan ’e Nijebiltdyk); gemeenteriedslid fan ’t Bilt; lid ûnderskate gemeentlike kommisjes; sn f. Pieter Formers Molenaar en Tjeerdtje Sipkes Bouma
Saapke en Foarmer wurde op15-10-1815 lid fan ’e minnistegemeente te Aldsyl
Bern út it twadde houlik:
3 Gelske Thysses Rienks (ek: Gerlske) * Hallum 26-11-1789 † Aldebiltsyl ûnder Froubuorren 13-1-1834, sawat 44 jier (Rienks 85)
x 1 18-3-1810 Jentje Jacobs Hoekstra * Aldebiltsyl ûnder Froubuorren 30-7-1785 † dêr 18-4-1825, 38 jier; keapman en winkelman te Aldebiltsyl (noardlikste hûs oan ’e Leisterstreek); sn f. Jacob Jentjes en Doetje Alberts
x 2 It Bilt 17-8-1827 Minne Gerbens Dijkstra * St.-Anne 5-5-1792 ~ dêr 3-6-1792 † Stiens 9-2-1850, 57 jier; keapman te Aldebiltsyl; sn f. Gerben Minnes Dijkstra en Tjitske Jacobs; op 15-10-1815 wurde Gelske en Jentsje lid fan ’e minnistegemeente te Aldsyl
Gerben x 1 It Bilt 10-5-1818 Ytje Pieters Brouwer ~ St.-Anne 30-5-1792 † dêr 17-1-1826; dr f. Pieter Coenraads Brouwer en Antje Arjens Keizer
Gerben x 3 It Bilt 6-10-1836 Trijntje Tjepkes Bouma * Hijum 8-2-1813 † Froubuorren 20-8-1857, 44 jier; dr f. Tjepke Harmens Bouma en Tjitske Bokkes Osinga
4 Klaaske Thysses Rienks * Hallum 27-12-1795 † Aldebiltsyl 1-7-1842 (Rienks 86)
x It Bilt 22-12-1814, 19 en 31 jier, Roelof Roelofs Schuiling * Kalkwijk by Hoogezand 1-6-1783 † Aldebiltsyl 12-7-1871, 88 jier; krijt syn oplieding ta minniste foargonger fan Foeke Wigles Gorter; minniste dûmeny te Aldebiltsyl 1812-1817, Hylpen 1817-1818, Aldebiltsyl 1818-1857; sn f. Roelof Hendriks Schuiling, boer te Kalkwijk, en Elisabeth Roelfs Meihuizen
Ut it tredde houlik:
5 Foeke Thysses Rienks, sjoch: Genealogy Foeke Thysses Rienks

VII.5 Kornelis Johannes Rienks (ek: Cornelis) * Marrum 3-12- 1790 † Froubuorren 29-10-1863, 73 jier; oant Alde Maaie 1833 boer op Jousmabuorren (Jousmabuorsterterp) ûnder Hallum, sûnt 1833 gernier te Hallum, yn 1834 dêr arbeider
x Hallum 6-11-1816 Baukje Hendriks Stelwagen ~ Hallum 22-4-1791 † dêr 25-4-1831, 40 jier; dr f. Hendrik Johannes Stelwagen, hiel- en froedmaster, yn 1811 sjirurgyn te Hallum, en Sjoukje Jacobs Mellema
(Rienks 60)
Bern:
1 Johannes Kornelis Rienks
2 Sjoukje Kornelis Rienks
3 Hendrik Kornelis Rienks
4 Biense Kornelis Rienks
5 Aukje Kornelis Rienks * 29-6-1831 † 27-5-1831